Yn
ieren en sinen in trûbadoer. De hertferwaarmjende lietsjes fan sjonger-skriuwer
Adri de Boer pakke dy by it hert. Tsien kear stie de Frysktalige sjonger mei syn
lieten yn de finale fan it Fryske sjongfestival ‘Liet’. Twa kear wûn hy mei syn
melodieuze fertolkings fan in eigen liet. Syn Frysktalige programma sit
fol prachtige harksankjes troch himsels begelaat op gitaar of piano. Mankelyk en
dan wer fleurichop. Altyd út it hert. Dochs giet Adri it aventoer ek net
út 'e wei, troch de muzikale gearwurking oan te gean mei brassband, fanfare,
harmonie, kwintet of bygelyks pianist en arrangeur Cor Bakker. Sa goed as alle
komposysjes binne fan eigen hân, mar ek bewurkings fan Jacques Brell en Frans
Halsema hearre ta syn wiidweidige oeuvre. Op Omrop Fryslân is
gauris it populêre wurk fan de lietsjessjonger te hearren. In optreden fan dizze
Fryske trûbadoer is altyd oer alle boegen in súkses. Dizze site jout tagong ta
de romme muzikale keuken fan Adri.