16 desimber sil Adri syn fierde album ‘Oer
alles skynt de sinne’ foar it locht bringe yn De Lantearne fan Surhústerfean.
Adri wurd op dit album bystien troch de
muzikanten Arvan Blok op gitaren, Douwe Bouma percussie en slachreau en Bernard
Holtrop op basgitaar. Sjongsters Gezina v.d. Zwaag, Kim Stolker
en Three-ality sille op dizze jûn meiwukrje, om ’t se ek allen oan in nûmer meiwurke ha. Nei
fiif jier is it der dan dochs wer in nij album mei bysûndere nûmers wêr ’t Giny
Bastiaans en Adri de beiden teksten foar
skreaun ha. Op it nûmer “Mei beide hânnen“ is in opname ferwuke fan de drumband fan
Syncoop yn Drachten. Syncoop is in ûnderdiel fan Talant. Adri is sels ek al 38
wurksem by Talant en Adri is tige bliid mei dizze gearwurking. Fierders wurken
mei , Cor Bakker op piano, Johannes Rudolphi op steelgeitaar,, Herman Peenstra
op akkordeon, en Treeality mei eftergrûnkoarke.